KNKB pupillen jongens B klasse

Om 10.00 alle partoeren yn'e B-klasse fjild los. In prachtich gesicht, in fjild fol enthousiaste pupillen jonges. Troch twa ofsizzers moast der wat bylotte wurde, dertroch foel der ien partoer of. Der bleaunen dertroch noch 23 oer en dy hienen der stik foar stik sin oan. Dat koenen je sjen.

Moaie keatserij, de iene partij spannender as de oare, mar úteindlik wol trije kear 5 - 5 6 - 6. De wyn spile wol parten op it sportfjild fan KF Jacob Klaver. De jonges dy't de bal derfoar halde koenen wienen al healwei de oerwinning. Yn'e finale hienen ek beide partoeren hjir lest fan. It oantal fouten like ergens hast gelyk te wezen, want de partij eindige op 5 - 5 en 6 - 6. Helaas waard disse partij ek eindige mei in bútenslach. Skande, want de jonges hienen de hiele dei sa moai keatst. Eindsjebeslút in hiel moaie dei. Enthousiaste jonges, earlikhyd boppe alles, flot wer op it fjild en sin om te keatsen. In moaie wedstryd om te sjen én om te organisearjen. Útslach: 1e: Sil van der Geest, Wijnaldum en Leon Wijning, Sint Annaparochie 2e: Justin de Vries, Hallum en Wiebe Siemen Leenstra, Hilaard 3e: Wesley van der Vaart, St Jacobiparochie en Werner Iedema, Menaam 1e ferl: Dietmer Kuperus, Bolsward en Geert Reitsma, Baard 2e ferl: Jan Johannes van der Kamp, Nijland en Rutger Kumbangsila, Dronryp 3e ferl: Jesse Schouten, Stiens en Pascal Poelstra, Winsum

Geplaatst op 24 August 2015